NNO-konsert foar hobo en orkest live by Omrop Fryslân

04 mrt 2021 - 11:00

Konserten foar hobo hearst net faak. It Noord Nederlands Orkest spilet op tongersdei 4 maart ien fan de moaiste hobo-konserten mei solist Albrecht Mayer. Dêrnjonken binne ek wurken te hearren fan de komponisten Nordheim en Dvorák. It NNO-konsert is live te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. Op freed 5 maart is it ek op telefyzje te sjen.

Solist Albrecht Mayer spilet as earste hoboïst by de Berliner Philharmoniker. Hy spilet op 4 maart it Hobokonsert fan Ralph Vaughan Williams. Dêrnjonken sil yn dit NNO-konsert Dvoráks Achtste symfony klinke mei syn mearke-eftige sfear. As earste is wurk te hearren fan de Noor Arne Nordheim. Dy komponist utere him yn hast alle stilen en kaam faak werom by de tema's iensumens, dea en leafde. Yn dit NNO-konsert is syn 'Nachruf' te hearren. Orkest en solist wurde laat troch dirigint Eivind Gullberg Jensen. Mear ynformaasje oer it konsert is te finen op: nno.nu/concert/nordheim-vaughan-williams-dvorak

NNO-konsert fia livestream en op telefyzje
It konsert op tongersdei 4 maart is fan 16.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De registraasje fan it konsert is op freed 5 maart om 21.00 oere op telefyzje te sjen.

(Advertinsje)