​Nina Hiddema oansteld as tydlik direkteur Omrop Fryslân

18 apr 2018 - 10:09

De funksje fan direkteur fan Omrop Fryslân wurdt oant de ein fan it jier ynfolle troch Nina Hiddema út Grins. Sy nimt de taken oer fan direkteur Jan Koster dy't mei yngong fan 1 maaie 2018 ophâldt. Hiddema hat in soad ûnderfining yn bestjoersfunksjes, ûnder oare yn de kultuersektor en by regionale omroppen.

Nina Hiddema, berne yn Grins yn 1963, is op it stuit wurksum as ynterim-manager by de Stichting Landgoed Mensinge yn Roden. Dêrfoar wie sy seis jier direkteur fan Theater Geert Teis yn Stadskanaal. Earder wie Hiddema Hoofd Varia en waarnimmend direkteur by RTV Drenthe en wurke se jierrenlang yn ferskate funksjes by lanlike telefyzjeprodusinten en omroppen. Fierder is Nina Hiddema lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Nederlandse Reisopera yn Enschede en Hanzehogeschool Groningen.

Ton Baas, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân: "Wy hawwe mei de oanstelling fan Nina Hiddema in goede tydlike ynfolling fûn fan de direkteursfunksje. Dêr binne wy tige mei ynnommen. Wy kinne hjirmei as RfK de tiid nimme foar in soarchfâldige proseduere foar de definitive ynfolling fan de fakatuere direkteur."

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download nina.jpg (209.46 KB)
(advertinsje)