Nina Hiddema direkteur fan Omrop Fryslân

27 des 2018 - 10:48

Nina Hiddema (55) is troch de Ried fan Kommissarissen beneamd as direkteur fan Stichting Omrop Fryslân. De beneaming giet op 1 jannewaris 2019 yn. Hiddema folle de posysje fan direkteur fan Omrop Fryslân sûnt maaie 2018 al op ynterim-basis yn. Sy folget Jan Koster op, dy't yn maaie ôfskied naam fan de Omrop.

Nina Hiddema: "Ik haw de ôfrûne moannen de Omrop kennen leard as in moaie en bysûndere organisaasje. Ik set my dan ek graach de kommende jierren yn foar Omrop Fryslân en dizze moaie provinsje en har ynwenners. Ik sjoch der ek nei út om takom jier nei Fryslân te ferhúzjen."

Ton Baas, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân: "Mei de definitive oanstelling fan Nina Hiddema soargje we foar kontinuïteit by de Omrop. Dêrmei kin de blik wer foarút rjochte wurde."

Nina Hiddema wie earder ûnder oare wurksum as ynterim-manager by de Stichting Landgoed Mensinge yn Roden en as direkteur fan Theater Geert Teis yn Stadskanaal. Hiddema hat ek in jierrenlange ûnderfining yn de media. Sa wurke sy as Hoofd Varia en waarnimmend direkteur by RTV Drenthe en yn ferskate funksjes by lanlike telefyzjeprodusinten en omroppen. Fierder is Nina Hiddema lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Nederlandse Reisopera yn Enschede en fan Hanzehogeschool Groningen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download nina.jpg (209.46 KB)
(advertinsje)