Nije webside Omrop Fryslân Skoal.TV

14 sep 2014 - 22:00

Nije webside Omrop Fryslân Skoal.TV

Omrop Fryslân Skoal.TV hat sûnt koart in nije webside mei in handige sykfunksje.
Op www.skoal.tv binne mei yngong fan de moanne septimber alle edukative berneprogramma’s fan Omrop Fryslân te finen. Programma’s lykas Tsjek, Kening Hert & Harry Hazze, Tomke, SKIK en WitWat binne allegearre te sjen op www.skoal.tv.

Bysûnder oan de nije webside is de wiidweidige sykfunksje. Learkrêften, bern en oare belangstellenden dy't op syk binne nei in programma of nei oare ynformaasje, kinne by 'sykje’ in trefwurd yntype. De sykfunksje jout dêrnei automatysk in tal opsjes. Sa kinne programma’s gau weromfûn wurde. De nije webside jout boppedat de mooglikheid te sykjen op leeftiidskategory. De ferskate berneprogramma’s fan Omrop Fryslân binne rjochte op pjutten, beukers, bern út de ûnder- en boppebou basisskoalle, en pubers. Mei ien druk op de knop is te sjen hokker programma geskikt is foar hokker groep.

Alles fan en oer Skoal.TV is no beskikber fia www.skoal.tv op de gewoane kompjûter, de tablet en de telefoan. Oft de programma’s no yn 'e klasse besjoen wurde of jûns thús op de bank, de nije webside past him automatysk oan it apparaat oan.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Marja van der Leij
(koördinator Skoal.TV): tel. 058 299 7735 / 06 12 07 04 23.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)