Nije programmearring skûtsjesilen by Omrop Fryslân

03 jul 2019 - 14:29

Omrop Fryslân komt mei twa spesjale programma's om it skûtsjesilen hinne. Fan sneon 27 july ôf is der trije wiken lang fan 14.00 oere ôf in telefyzjeprogramma mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Ek jûns komt in spesjaal programma werom op telefyzje. Fan 18.20 oere ôf sjocht Omrop Fryslân yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei.

Fierder is yn it jûnsprogramma it wedstriidferslach te sjen, it ferhaal fan de dei, reaksjes fan skippers en in sfearferslach út it wedstrydplak. Einredakteur Janjelle Ringnalda: "Ferline jier diene we yn Fryslân Hjoed ferslach fan it skûtsjesilen. Sa'n grut Frysk evenemint fertsjinnet lykwols in eigen programma. Op dizze wize is it ek better te finen foar ús sjoggers, sawol op telefyzje as online." De presintaasje leit by de SKS yn hannen fan Roelof Lousma, by de IFKS presintearret Afke Boven.

It wedstriidferslach is alle dagen om 18.50 nochris los te sjen op telefyzje.

Fan start oant finish op telefyzje
Fan sneon 27 july ôf is it skûtsjesilen alle wedstriiddagen live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Fan start oant finish is de wedstriid folslein te folgjen mei streekrjocht kommentaar. By de SKS wurdt it kommentaar fersoarge troch skipper en mearfâldich kampioen skûtsjesilen Eelke Dykstra en Omrop Fryslân ferslachjouwer Freark Wijma. By de IFKS leveret Eelke Dykstra it kommentaar tegearre mei Simone Scheffer fan Omrop Fryslân.

Online is it programma ek gewoan te folgjen fia Omropfryslan.nl/live. Op radio fersoargje Geartsje de Vries en Gjalt de Jong it kommentaar.

It skûtsjesilen by Omrop Fryslân
14:00 oere: it skûtsjesilen live by Omrop Fryslân op telefyzje
18.20 oere: 'Skûtsjesilen 2019' mei Roelof Lousma en Afke Boven
18.50 oere: it wedstriidferslach by Omrop Fryslân op telefyzje

Op radio is it skûtsjesilen alle dagen fan 14.00 oere ôf te folgjen yn de deistige programma's. Online is it te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)