Nije jeugddramasearje DE ÚTFLECHT fan start

11 nov 2014 - 15:35

Fan sneon 15 novimber ôf by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân komt mei in nije dramasearje foar de jeugd: DE ÚTFLECHT. Ofrûne freed, 7 novimber, binne de earste twa dielen yn premjêre gien op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert. Dêr waard it programma beoardield troch de besikers mei in 9.4. Sintrale fraach yn DE ÚTFLECHT is: wat dochtsto as dyn idealen ûnder druk stean? De seisdielige searje is fan 15 novimber ôf te sjen by Omrop Fryslân.

Yn de nagelnije searje DE ÚTFLECHT draait it om leafde, ûnbegryp en frijheid. Denise is fereale op har klassegenoat Lionel. Lionel is in AMV, in allinnichsteande minderjierrige frjemdling. Wannear’t Lionel fan de iene op de oare dei net mear op skoalle komt, siket Denise mei help fan Kevin út wêrom’t Lionel der net is. It docht bliken dat er ûnderdûkt sit, om’t er it lân útset wurde sil. Mei Lieske betinke Denise en Kevin in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân.

Regisseur Bart Kingma wol minsken neitinke litte: “Wat ik op gong bringe wol mei dizze searje is dat men net te gau akseptearje moat wat der bart. Kom mar ris gewoan yn opstân.”

De titelsong fan de searje is makke troch de band Vangrail. Neist it ferske is der ek in fideoklip makke dy’t te finen is op YouTube.

Fan sneon 15 novimber ôf is DE ÚTFLECHT alle dagen te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. De ôfleveringen binne opknipt en alle wurkdagen wurdt in part útstjoerd. Op sneon is de folsleine ôflevering te sjen. Ek komme de seis ôfleveringen YouTube.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslan: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)