Nije app mei Fryske filmkes foar bern: Omrop Fryslân Tsjil

30 apr 2020 - 14:41

Omrop Fryslân komt mei in nije app spesjaal foar bern: de Omrop Fryslân Tsjil app. Bern kinne dêrmei yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. Omrop Fryslân hat de app ûntwikkele, omdat bern en jongeren hieltyd faker programma's en filmkes besjogge fia apps en social media.

Ut in ûndersyk ûnder bern, dat Omrop Fryslân yn 2018 útfiere litten hat, kaam nei foaren dat hast de helte fan de Fryske bern ek graach bûten de skoalle om nei Frysktalige filmkes sjen wol. Op basis dêrfan hat Omrop Fryslân de nije Omrop Fryslân Tsjil app ûntwikkele, mei stipe fan de provinsje Fryslân. Bern fan 2 oant en mei 12 jier kinne mei de app yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen. De programma's wurde op leeftiid oanbean, bern krije allinne de filmkes te sjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. De app is te downloaden yn de App store en de Google Play Store.

Omrop Fryslân Tsjil
Omrop Fryslân lansearret Omrop Fryslân Tsjil ek fuort as de nije namme foar it brede palet oan programma's foar bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert & Harry Hazze oant WitWat en Jennifer to the Max. Earder foelen alle programma's ûnder de namme Skoal.tv, mar dy namme past net mear by de wize wêrop't bern en jongeren sjogge. De filmkes wurde sa presintearre dat it foar harren oantreklik is om nei te sjen, ek bûten de skoalle om. De Fryske taal en kultuer wurde dêrby as 'natuerlik gegeven' beskôge, se wurde net oplein, mar binne altyd fielber yn de sfear fan de filmkes. Dy sfear draacht by oan it akseptearjen fan it Frysk as in natuerlike taal yn Fryslân en stimulearret dy te sprekken en te skriuwen.

Op skoalle
Omrop Fryslân Tsjil is foar dosinten in goed helpmiddel by de lessen Frysk en in moaie stipe by oare fakken. De kontint slút oan by de lesmetoaden Frysk troch brûkber stypjend audiofisueel materiaal te bieden. Der is dêrnjonken oansluting by oare skoalfakken, oft dat no in oare taal of wiskunde, skiednis of biology is. De Fryske filmkes kinne dêrmei yntegrearre wurde yn oare lessen, sa hoecht de taal net in 'frjemde ein yn it bit' yn it lesroaster te wêzen.

Sjoch foar mear ynformaasje en alle filmkes op Omropfryslan.nl/tsjil.

(advertinsje)