Nij telefyzjeprogramma leit Fryske skatten bleat

30 aug 2016 - 09:34

De depots fan de Fryske musea lizze grôtfol mei skatten dy't jo as besiker nea te sjen krije. Dizze 'Stille skatten' binne fan 5 septimber ôf te sjen yn in nij telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Presintatrise Miranda Werkman fertelt: ‘’Der is sa’n soad te sjen en te belibjen. Al dy skatten fertelle wa’t wy binne en wêr’t wy weikomme’’.

Yn it programma ‘Stille skatten’ giet Miranda Werkman by ferskate Fryske musea del om yn de depots te sneupen. Dêr dûkt se yn it Fryske erfgoed en de Fryske kultuer om de stille skatten fan Fryslân bleat te lizzen. Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze dy te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. ‘’Yn it planetarium yn Frjentsjer mocht ik it orizjinele wiskundeboek fan Eise Eisenga oanreitsje. Yn Harns it swurd fan de beul. Tichterby it ferline kinst net komme’’, seit Miranda.

De earste ôflevering, wêryn’t Museum Dr8888 sintraal stiet, is fan moandei 5 oant en mei freed 9 septimber te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje as foarpriuwke fan de searje. Fan tongersdei 15 septimber ôf sil Stille skatten alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen wêze.

Stille skatten:
5 oant en mei 9 septimber: alle dagen om 18.45 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.
Fan 15 septimber ôf: alle tongersdeis om 18.45 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.

Data en musea:
• 15 septimber: Temapark De Spitkeet, De Harkema
• 22 septimber: Botanyske tún De Kruidhof, Bûtenpost
• 29 septimber: Kazemattenmuseum, Koarnwertersân
• 6 oktober: Museum Joure, De Jouwer
• 13 oktober: Gemeentemuseum It Hannemahûs, Harns
• 20 oktober: Frysk Lânboumuseum, Earnewâld
• 27 oktober: Eise Eisinga Planetarium, Frjentsjer

Dêrnei bringt it programma Stille skatten in besite oan njoggen oare musea om stille skatten te ûntdekken.
• It Fries Museum, it Natuermuseum en it Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert
• Flechtmuseum, Noardwâlde
• Museum Martena, Frjentsjer
• Museum Heerenveen, It Hearrenfean
• Museum Belvédère, It Oranjewâld
• Jopie Huisman Museum, Warkum
• Frysk Skipfeartmuseum, Snits


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)