Nij radioprogramma by Omrop Fryslân: Casa Ennema

17 maaie 2018 - 15:04

Omrop Fryslân komt mei in nij radioprogramma mei in soad muzyk fan Fryske boaiem: Casa Ennema. It programma mei presintator Eric Ennema is fan tiisdei 22 maaie ôf alle wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere te hearren. Nei it programma Weistra op wei dat in oere langer wurdt. Mei Casa Ennema biedt Omrop Fryslân in nij poadium foar muzyk fan Fryske artysten en talint; fan Frysktalige lústerferskes oant Ingelsktalige popmuzyk fan Fryske boaiem.

Casa Ennema
Neffens Eric Ennema is der mei Casa Ennema keazen foar in radioprogramma foar in breed publyk fan minsken dy't de Fryske muzyk in waarm hert tadrage. "Ik haw altyd al in passy hân foar Fryske muzyk en bin tige bliid mei dizze kâns om yn de grutte behoefte fan de harkers te foarsjen. Oft it no rock, pop of lústerferskes binne, it komt allegearre oan bod. Komt der in nij album út fan Elske DeWall, dan hearst dat fansels yn Casa Ennema. Boppedat biede we mei it programma ek in poadium foar nij talint." Dêrneist fertelt Eric de ferhalen efter de muzyk. "Ik fyn it wichtich om de muzykleafhawwer mei te nimmen yn de muzyk en ek de ferhalen dêr omhinne."

Casa Ennema wurdt alle wurkdagen fan 19.00 oere ôf útstjoerd, nei it programma Weistra op wei fan presintator Harm Weistra. Dat programma wurdt fan 22 maaie ôf in oere langer, fan 16.00 oant 19.00 oere. Harkers wurde dêrmei ek yn de jûnsspits of by it iten noch bypraten oer it lêste nijs.

De lêste Radio Froskepôle
Tongersdei 17 maaie wurdt feestlik ôfskied nommen fan it programma Radio Froskepôle mei in lêste útstjoering mei live muzyk. Ynisjatyfnimmer en presintator Gurbe Douwstra sjocht yn in artikel op Omropfryslân.nl en de Omrop-app noch in kear werom op it programma mei muzyk yn streektalen. "Fan Drinte oant Limboarch, oeral ha ik no streekartysten dy't ik ken." Hy fertelt yn it artikel ek oer ien fan syn moaiste oantinkens oan de 19 jier dat it programma bestiet: "Yn juny 2014 wie de 1500ste útstjoering fan Froskepôle. Dy ha ik presintearre mei kollega's Henk Scholte fan RTV Noord en Bert Kamping fan RTV Drinte. Alles stie yn it teken fan streektaal. Dat wie sa moai!" Freed 18 maaie giet Gurbe mei pensjoen as radiopresintator, nei de 2484ste útstjoering fan Radio Froskepôle.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)