Nij by Omrop Fryslân: Wedstriid fan de wike

10 sep 2018 - 14:46

Fan septimber ôf set Omrop Fryslân útein mei 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet der op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.

Alle wiken op moandeis wurdt bekend makke hokker wedstriid troch de sportredaksje oanwiisd is as 'Wedstriid fan de wike'. Dat sil dy dei oankundige wurde yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed, it radioprogramma Weistra op Wei en op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

Dêrneist sil der de fierdere wike yn dyselde programma's rom omtinken wêze foar de keazen sportwedstriid. Freeds sil der in reportaazje te sjen wêzen yn Fryslân Hjoed en de online kanalen fan Omrop Fryslân. Dy reportaazje kin bygelyks gean oer de nije keeper fan de UNIS Flyers of oer de waskfrou fan Aris. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

De earste 'Wedstriid fan de wike' is tusken ONS Snits en Harkemase Boys, yn de tredde difyzje. Op de dei fan de wedstriid, sneon 15 septimber, sil der op Facebook in foarbeskôging plakfine. Dêrneist wurdt der live-ferslach dien fan 18.00 oere ôf op de radio en in live-blog byholden op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Fansels binne nei de wedstriid bylden en reaksjes online te sjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)