Nij by Omrop Fryslân: Cambuur Sjoernaal

08 aug 2019 - 14:51

De striid yn de fuotbalkompetysje is wer losbarst en Omrop Fryslân begjint dit seizoen mei in nij programma: Cambuur Sjoernaal. In sjoernaal mei in lange gearfetting fan de wedstriden fan SC Cambuur, reaksjes fan de haadrolspilers en it lêste nijs. It Cambuur Sjoernaal wurdt altyd in dei nei de wedstriid útstjoerd op telefyzje en is ek online te sjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Freed 9 augustus spilet SC Cambuur syn earste wedstriid yn de Keuken Kampioen Divisie. Fuortendaliks in bysûndere, want yn Doetinchem is De Graafschap de tsjinstanner. De ploech dêr't trainer Henk de Jong en assistint Sandor van der Heide ferline jier mei degradearren. De wedstriid is fan 20.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Op sneon 10 augustus wurdt yn Cambuur Sjoernaal weromsjoen op de wedstriid, it programma is fan 18.40 oere ôf alle oeren te sjen op telefyzje en online.

Omdat SC Cambuur meastentiids op de freedtejûn spilet, sil it Cambuur Sjoernaal faak op sneons te sjen wêze nei it nijsprogramma Fryslân Hjoed. As SC Cambuur op in oare dei fan de wike spilet, is it Cambuur Sjoernaal de deis dêrnei te sjen by Omrop Fryslân.


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)