In nij lûd op Omrop Fryslân Radio

19 feb 2015 - 11:17
Fernijde radioprogrammearring op 92.2 FM fan 2 maart ôf Mei in nij lûd op 'e radio wol Omrop Fryslân ôfstimme op it ritme en it ferlet fan de harkers: de hiele dei troch nijs en ynformaasje, mar ek muzyk en ferdivedaasje. Mei yngong fan 2 maart komt Omrop Fryslân Radio dêrom mei in flink oantal wizigings yn de radioprogrammearring. Foaral op wurkdagen binne de fernijings te fernimmen: tusken 6.00 oere moarns en 18.00 oere jûns binne der fjouwer nije programma’s te hearren. Muzyk yn Bedriuw bliuwt bestean, mar ek yn dat programma is in grut oantal nije ûnderdielen te hearren. Tagelyk mei de fernijde programma’s wurde nije jingles en tunes yn gebrûk nommen. Omrop Fryslân Radio wit yn Fryslân alle dagen sa'n 100.000 minsken te berikken en heart dêrmei by de meast populêre radiostasjons fan de Friezen. Mei de nije radioprogrammearring besiket Omrop Fryslân syn sterke posysje fêst te hâlden en te fersterkjen. De radioprogrammearring op moandeis oant en mei freeds fan 2 maart ôf: 06.00 – 09.00: Fryslân fan ’e moarn mei Jacob Stelwagen It nijs, waar en de sport yn in nij moarnsmagazine. Bekende en nije kolumnisten jouwe alle dagen har fyzje op it nijs of fertelle oer wat sy sels belibbe ha yn ‘De toan fan fanmoarn’. Fierder soargje ‘De meunsternimmers’ der foar dat der net allinnich omtinken is foar it nijs dat je oeral al hearre, sjogge of lêze, mar dat ek lytse persoanlike saken har gerak krije. Nij is ek de deistige nijskwis ‘Ut ‘e tiis’. 09.00 – 12.00: Muzyk yn bedriuw mei Arjen Overmaat De suksesformule wêrby’t de platen oanfrege wurde troch bedriuwen en ynstellingen bliuwt de kearn fan it programma. Dêrneist binne tal fan nije ûnderdielen te hearren. Arjen siket bygelyks alle dagen út wêr’t oer praten wurdt by de kofje-automaat, set de meast tawijde wurkers fan Fryslân yn it sintsje yn de ‘Tiisdeitoppers’ en makket de muzyklist ynteraktyf by ‘Draai ‘em der foar’. Fierder is der de nije kwis ‘Dûbelop’, wêrby’t de winner ek middeis wer meistride mei. 12.00 – 13.00: No yn Fryslân mei Tiete Sijens It nije nijs- en eftergrûnprogramma fan Omrop Fryslân Radio. Alle dagen it Fryske nijs, de sport en Piet Paulusma mei it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken dy’t Fryslân reitsje yn ‘De hite hei’ en it ‘Mediaoersjoch’. 13.00 – 16.00: Geert yn de middei mei Geert van Tuinen (moandeis oant en mei tongersdeis) Noardewyn Live mei Willem de Vries (freeds) Fjouwer dagen yn de wike is middeis by Omrop Fryslân in nije radiosjo te hearren, mei folop muzyk, mar ek nijsgjirrige oare saken. Geert besiket antwurd te krijen op fragen fan harkers oer in breed skala oan ûnderwerpen. Fierder yn it programma de ferfolchronde fan de kwis ‘Dûbelop’, petearen mei Friezen om utens yn ‘Geert oer de grins’ en op woansdei: ‘Flean der út’. Ferslachjouwer Femke de Walle kriget in opdracht en moat dy ta in goed ein bringe yn in doarp of stêd earne yn Fryslân. Op freed is der krekt as no, mar wol in oere langer, Noardewyn Live; it muzikale doarpsplein fan Fryslân. 16.00 – 18.00: Weistra op wei mei Harm Weistra It programma om mei thús te kommen, út skoalle wei of fan it wurk ôf. Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige petearen oer aktuele saken en Piet Paulusma mei it waar. Yn ‘It Slotstik’ is der alle dagen in bysûndere plaat, passend by de dei, dy’t mei help fan de harkers en folgers op ynternet bepaald wurdt. Regionaal nijs Op 2 maart feroaret ek it fêste plak fan de regionale nijsbulletins. De lêste berjochten út Fryslân binne tenei op de heale oeren te hearren en meitsje sa in yntegraal ûnderdiel út fan alle programma’s. Allinnich op snein bliuwt it Fryske nijs wol fuort nei it NOS-sjoernaal te hearren. It wykein De programmearring fan de radio yn it wykein bliuwt foar in grut part sa’t dy wie. Wol is de titel fan it nijsprogramma ‘No yn Fryslân’ hjir ek werom te finen: sneons fan 8.00 oant 9.00 oere en fan 12.00 oant 13.00 oere en op sneintemoarns in koarte edysje om 9.00 oere. Op sneontemiddei is tenei Diana de Groot te hearren. Sy nimt de presintaasje fan ‘Sneon yn Fryslân’ oer fan Geert van Tuinen en nimt tagelyk in hânfol nije programma-ûnderdielen mei. Noat foar de redaksje: Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.  
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)