As myn filmhert in kompas wie

05 nov 2019 - 10:01

40 jier Noordelijk Film Festival

It Noordelijk Film Filmfestival belibbet dit jier syn 40e edysje. Programmamakker Annet Huisman makke de film 'As myn filmhert in kompas wie' oer de noardelike sinema. De film giet op freed 8 novimber op it festival yn premjêre en is op 9 en 10 novimber ek op telefyzje te sjen.

Programmeur Fredau Buwalda is op it filmfestival yn it Noarske Haugesund, om foar Ljouwert de bêste noardlike films te finen. It jubilearjende festival hat de lêste jierren ommers keazen foar in noardske fokus. Skandinavië blykt hiel suksesfol yn it ûntwikkeljen en 'vermarkten' fan de eigen sinema. Kin it noarden fan Nederlân dêr wat fan leare? Mar foaral: wêryn ûnderskiedt dy noardlike sinema him? Bestiet der überhaupt in definysje? Sprekke dizze films spesifyk noarderlingen oan, of net? Fragen dy't sels foar de filmmakkers yn Haugesund noch net sa maklik te beäntwurdzjen binne. Adwin de Kluyver, skriuwer fan 'Het gedroomde noorden' en programmeur fan it noardlikste filmhûs yn Nederlân (Podium Vlieland), bûcht him deroer. Yn Fryslân litte filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra harren ljocht skine oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

Fryslân DOK 'As myn filmhert in kompas wie'
Premjêre: 8 novimber 18.15 oere op it Noordelijk Film Festival
9 novimber 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 10 novimber 13.00 oere)
10 novimber 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Noch mear Fryslân DOK op it Noordelijk Film Festival
Omrop Fryslân is folop belutsen by it Noordelijk Film Festival fan 6 oant en mei 10 novimber yn Ljouwert. Njonken de premjêre fan 'As myn filmhert in kompas wie', giet ek de Fryslân DOK 'Hert & Siel - en de keunst fan it motorûnderhâld' yn premjêre. Fierders wurde twa oare Fryslân DOK films toand dy't nominearre binne foar in Noorderkroon Award: 'In ûnwennich jier' en 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden'. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/nff.


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: Omrop Fryslân
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)