Mobile webside Omrop Fryslân fernijd

07 maaie 2014 - 13:20

Geskikt foar alle mobile apparaten

De mobile webside fan Omrop Fryslân is fernijd. De site is op 7 maaie beskikber kaam foar alle mobile apparaten. De nije foarmjouwing fan de webside fan de Omrop dy’t ferline jier lansearre is, is dêrmei no ek beskikber foar alle mobile apparaten.

De mobile site fan Omrop Fryslân is responsive makke, dat betsjut dat de site no op alle apparaten goed te lêzen is. De site past him oan, oan de grutte fan it skerm fan in mobyl apparaat. Hieltyd mear minsken sjogge op de site fan Omrop Fryslân fia in mobyl apparaat en ek de apps fan Omrop Fryslân wurde hieltyd populêrder. Foaral by minsken mei in apparaat dêr’t noch gjin Omrop Fryslân app foar beskikber is, is de mobile site populêr. Sa’n 33% fan alle minsken dy’t op de webside fan Omrop Fryslân sjogge, docht dat fia in mobyl apparaat.

Op de webside fan Omrop Fryslân hawwe minsken de mooglikheid om in reaksje te jaan op nijsberjochten. Dy mooglikheid is no ek beskikber op de mobile site en de apps. Omrop Fryslân wol op ynternet en social media hieltyd mear ynteraksje mei it publyk krije. De Omrop bliuwt kontinue ynvestearjen yn de ynternetsite, nije media en mobile applikaasjes. Sa is bygelyks koartlyn noch in nije app foar Windows-telefoans en -tablets lansearre.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)