Moard en lulkoek yn 'e Wâlden

16 apr 2019 - 14:45

Notysjes fan in azc-direkteur

Yn de tiid fan de moard op Marianne Vaatstra wie Nettie Groeneveld direkteur fan it azc yn Kollum. Tretjin jier lang libbe yn de omkriten de gedachte dat de dieder in asylsiker wie. It azc waard yn it earste jier nei de moard bedrige en swier befeilige. Yn de Fryslân DOK 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' wurdt tweintich jier nei de moard weromsjoen oan de hân fan it argyf en in logboek fan de yn oktober 2018 ferstoarne Nettie Groeneveld.

Doe't in heal jier nei de moard de komst fan in nij azc-fêstiging oankundige waard, liede dat ta grut ferset yn de mienskip. Op in ynformaasjejûn waard de boargemaster fan Kollum mei aaien bekûgele. Dêropfolgjend waard yn Ingelân in nije term yntrodusearre foar 'not in my backyard', nammentlik 'to Kollumise': it tanimmende ferset tsjin de komst fan asylsikers.

Groeneveld wie yndertiid ferantwurdlik foar de feiligens fan har meiwurkers en bewenners fan it asylsikerssintrum. Se fielde har persoanlik bedrige en dat easke in soad fan har. It ynstitút foar psychotrauma begeliede it personiel wêrby't PTSS klachten fêststeld waarden.

De druk dy't de famylje Vaatstra lei op de oplossing fan de moard en it feit dat Nettie persoanlik oansprutsen waard op it efterhâlden fan feiten, makke it der net makliker op. De wurdfiering fan it azc wie doedestiids sintraal regele, wêrtroch't Groeneveld en har meiwurkers harren kant fan it ferhaal net kwyt koene. Boppedat diktearre de eangst radiostilte út it sintrum wei. In strategy dy't nei Groenevelds oertsjûging derfoar soarge hat dat de saak net fierder eskalearre is.

"It is in wier ferhaal. Oare minsken dy't belutsen wiene by dizze skiednis sille in oar ferhaal hawwe. It haw besocht út te drukken dat der net ien werklikheid bestiet, mar mearderen." - Nettie Groeneveld

Moard en lulkoek yn 'e Wâlden
De Fryslân DOK dokumintêre 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' is snein 28 april fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Noat foar de redaksje/ útnûging foar de parse:
Wy nûgje jo fan herte út om op tongersdei 25 april oanwêzich te wêzen by de viewing fan de dokumintêre. Jo binne om 11.30 oere wolkom by Omrop Fryslân, Zuiderkruisweg 2, Ljouwert.

Wy stelle it op priis as jo yn it foar oan ús trochjouwe oft jo op de útnûging yngeane. Oanmelde kin by de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of telefoanysk fia 058 299 7876.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)