Mienskiplik mediaprojekt Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân

07 okt 2014 - 08:34

Sân Stêden, in projekt yn it ramt fan KH2018

Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje de kommende moannen mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizget ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Sa giet beukerjuf Judith Switters nei Wroclaw en kok Jan Smink nei San Sebastián. Yn totaal sille fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gean.

De sjoernalisten reizgje de kommende moannen ôf nei de sân kulturele haadstêden dy’t de titel noch hawwe foar't dy nei Ljouwert giet. It giet om de stêden Mons/Bergen (België) en Pilsen (Tsjechië), Wroclaw (Poalen) en San Sebastián (Spanje), Aarhus (Denemarken) en Paphos (Syprus) en Valetta (Malta), de susterstêd fan Ljouwert yn 2018. De sjoernalisten en de Young Professionals krije de opdracht mei om yn de stêd dêr’t sy binne in geastessibbe te sykjen om mei gear te wurkjen. Dat betsjut dat de sjoernalist fan de LC gearwurkje sil mei in kollega fan in oare krante. De ferslachjouwer fan de Omrop sil mei in kameraman út de stêd op ‘en paad en de Young Professional siket ek ien út itselde wurkfjild om mei gear te wurkjen.

Fan de besiken oan de stêden ferskine fan 15 o/m 24 desimber ferhalen yn de krante en dokumintêres op televyzje. Wilens harren ferbliuw yn de stêden binne de sjoernalisten te folgjen fia ynternet (7steden.nl) en social media (#7steden). It projekt wurdt finansiere troch it spesjale mediafûns dat de provinsje Fryslân ynsteld hat foar mediaprojekten om Kulturele Haadstêd hinne.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)