Metal yn de skynwerpers

23 maaie 2014 - 13:51

Omrop Fryslân dokumintêre te sjen yn heavy metalwike fan NPO Doc

Ekstreme muzyk is al jierren tige populêr yn Fryslân. Dat is te sjen oan it grutte tal fans, bands en konserten yn dat muzyksjenre. Dokumintêremakker Douwe Talma socht út wêrom’t metal sa populêr is yn Fryslân yn ‘In hert foar hurd’. Dy dokumintêre is fan sneon ôf meardere kearen te sjen yn in temawike fan NPO Doc.

Nei oanlieding fan it heavy metalfestival FortaRock op 31 maaie yn Nijmegen, dûkt NPO Doc in wike lang yn de wrâld fan snoeihurde gitaren en dinderjende drums. Yn de temawike: ‘Ruige bolsters in de metalscene’ stjoert NPO Doc fan 24 oant en mei 30 maaie alle dagen dokumintêres út oer rûge rockers. Sa ek de dokumintêre ‘In hert foar hurd’ wêryn’t Douwe Talma op ûndersyk gie nei de Fryske-, mar ek nei de (ynter-)nasjonale metalwrâld. ‘In hert foar hurd’ wie ferline jier ek al te sjen by Omrop Fryslân en op Nederlân 2 en waard sa'n 100.000 kear besjoen. ‘In hert foar hurd’ is ûnder oaren te sjen op 24 maaie om 20:28 oere en 25 maaie om 9:13 oere. De folsleine programmearring is te finen op http://www.hollanddoc.nl/live/themaweken-2014/ruwe-bolsters.html
Der binne bygelyks dokumintêres te sjen oer de bands Möterhead en Metallica.

Metallica yn De Westereen
Douwe Talma wurket op it stuit ek oan in dokumintêre oer Metallica; oer it iennichste optreden dat dy band yn Fryslân dien hat. Dat wie tritich jier lyn, op 9 juny 1984. Metallica is tsjintwurdich ien fan de grutste rockbands fan de wrâld, dy’t oeral foar folle stadions spilet. Tritich jier lyn wie de Amerikaanske band lykwols hielendal net sa bekend. Yn de simmer fan 1984, fier foar harren trochbraak, spile Metallica yn it Fryske doarpke De Westereen. In optreden dat grutte yndruk makke hat op in protte Fryske besikers yn in tiid dat heavy metal in folslein nije muzykstreaming wie. De besite fan Metallica oan De Westereen levere smoute anekdoates op, dy’t desennia letter noch hieltyd ferteld wurde yn Fryslân. Yn de dokumintêre rekonstruearret Talma dy simmerjûn fan 1984 mei minsken dy’t der by belutsen wiene. In stikje fergetten muzykskiednis fan Fryslân. Dizze Fryslân DOK is te sjen op snein 21 juny op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.

NPO Doc temawike ‘Ruige Bolsters in de metalscene’
Fan 24 oant en mei 30 maaie te sjen op:
- Live stream op ynternet: www.hollanddoc.nl
- UPC Digital (kanaal 309), CAIWAY (kanaal 118), Ziggo (kanaal 212), Delta (kanaal 35), ynteraktive tv fan KPN (kanaal 102).

Noat foar de redaksje:
Foto: In hert foar hurd (© Omrop Fryslân).
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Douwe Talma:
tel. 058 299 77 99 / e-mail: douwe.talma@omropfryslan.nl. Of mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)