Meindert Talma en syn Domela Passy

16 jan 2020 - 16:49

Meindert Talma toert mei 'De Domela Passie' troch Nederlân. Filmer Herman Zeilstra folge foar Fryslân DOK it ta stân kommen fan it projekt. Ut de film docht bliken hoe't Meindert Talma him yn de ôfrûne tweintich jier ûntwikkele hat as in sterke, autonome keunstner.

De eigensinnige muzikant Meindert Talma út Surhústerfean dûkt yn it libben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, predikant en de earste sosjalistyske foarman. Domela moedige de earme arbeiders oan om selsstannich te tinken en harren te ferienigjen. Hy waard 'ús Ferlosser' neamd en in soad noarderlingen hiene in portret fan him yn 'e hûs te hingjen. Domela naam ôfskied fan de tsjerke, mar bleau Jezus trou. Meindert Talma is troch beide figueren fassinearre: Domela en Jezus. Hûndert jier nei it ferstjerren fan Domela makke hy in passy oer him, nei religieus foarbyld.

De dokumintêre lit sjen hoe't Meindert Talma himsels as muzikant en komponist hieltyd opnij útfynt. Mei de Domela Passy giet hy in nije faze yn. Sjoernalisten binne loovjend en sprekke fan 'een voorlopig hoogtepunt' en 'zijn magnum opus'.

Fryslân DOK 'De Domela Passy fan Meindert Talma'
25 jannewaris 15.30 oere, NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 26 jannewaris 13.00 oere)
26 jannewaris 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)