Mei Omrop Fryslân de operaasjekeamer fan it MCL yn

20 des 2018 - 11:46

Omrop Fryslân nimt yn de rige 'In Iepen hert' sjoggers mei nei de OK fan Hartcentrum Friesland ûnder in hertoperaasje. It sintrum, dat ûnderdiel is fan it MCL, heart by de bêste hertsintra fan Nederlân. Reden genôch om ris te sjen wêr't dy titel mei fertsjinne is. Yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed is fan 7 jannewaris ôf in rige te sjen dêr't pasjint Klaas van der Meer by folge is; fan it earste petear oant en mei de hertoperaasje.

Yn fjouwer ôfleveringen wurdt de sjogger troch de eagen fan de pasjint, de sjirurch en de ferpleechkundige meinommen yn it proses fan de operaasje.

Net bang oanlein
"Ik bin net bang oanlein. It moat barre en it sil fêst goedkomme", dat sei Klaas van der Meer foardat hy yn novimber oan syn hert operearre waard yn it MCL. Klaas is 85 jier en komt út Menaam. Hy is al in pear kear earder oan syn hert operearre; hy is dottere en hat fjouwer stents krigen. Klaas is in echte nochtere Fries en seach ek dit kear hielendal net tsjin de operaasje op. Syn frou, Baukje, hie der mear lêst fan. "It is in hiele yngreep, want it hiele boarst moat iepen. Wy witte dan ek net hoe't Klaas derút komt nei de operaasje."

Ferkearde diagnoaze
De man dy't it hert fan Klaas letterlik yn 'e hannen hat, is sjirurch John Bol Raap. Foarôfgeand oan de operaasje treft er Klaas meardere kearen. "Ik wol witte watfoar persoan ik yn myn hannen haw en moat derfan oertsjûge wêze dat hy de operaasje oankin." John is al 20 jier spesjalist foar de boarstkas en wurket sûnt twa jier by it MCL. De motivaasje foar syn berop wie der al doe't John noch mar njoggen jier wie. "Dat lei oan ús heit. Dy hat in ferkearde diagnoaze krigen en dat hat in soad impact hân op him, mar ek op ús as gesin. Dat wie in ferskriklike situaasje en fan doe ôf hie ik de gedachte: dit wol ik by oaren te foaren komme."

In goed wurkjende keten
In operaasje docht Bol Raap net allinnich. "De hiele keten moat goed wêze. Net allinnich de sjirurch, mar ek de ferpleging, intensive care, de anestesy. Elkenien hat syn eigen rol yn de operaasje en dat wurket allinnich as elkenien inoar oansprekke kin op mominten dat it minder goed giet." Dêrom folget Fryslân Hjoed ek Eelkje Strikwerda. As ferpleechkundige is sy in soarte fan regisseur fan de soarch fan in pasjint. Wat de pasjint oan soarch nedich hat, wat dan ek, regelet sy. Yn july ferline jier is Eelkje ôfstudearre. "En fan it begjin ôf hat it hert letterlik myn hert krigen. It is sa'n wichtich orgaan dat yn ferbining stiet mei it hiele lichem. Dat fyn ik sa bysûnder."

'In Iepen hert' yn Fryslân Hjoed:
De rige 'In Iepen hert' is fan 7 oant en mei 10 jannewaris fan 17.00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân. De rige is ûntstien yn gearwurking mei Hartcentrum Friesland fan Medisch Centrum Leeuwarden.

Noat foar redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876

(advertinsje)