Mata Hari yn byld

16 okt 2017 - 14:42

Fryslân DOK op snein 22 oktober

It is 100 jier lyn dat, de yn Ljouwert berne, Mata Hari troch in Fransk eksekúsjepeloton fusillearre waard. Sûnt dy tiid hâldt sy ús yn ‘e besnijing. Biografen en ynteressearren sketse hieltyd in oar byld fan har, dat oerienkomt mei de tiidgeast fan it momint. Fan in ferliedlike dûnseres oant in gefaarlike spionne, fan in femme fatale oant in slachtoffer fan misbrûk, fan in dame sûnder al te folle moraal oant in sterke frou dy’t har lot yn eigen hannen naam. Omrop Fryslân siket nei de reade tried yn de sketste bylden en speurt yn Parys nei de oanlûkingskrêft fan dy stêd op Mata Hari.

Publisiste Hanneke Boonstra skriuwt blogs en in boek oer Mata Hari, wêryn’t sy har eigen ynteresse keppelet oan dy fan al dy oaren dy’t har mei de dûnseres dwaande hâlde. Boonstra tocht lang sels famylje te wêzen fan de spionne en har syktocht nei Mata Hari smyt dan ek prachtige ferhalen op.

De Frânske histoarikus Jean Pierre Turbergue komt ek oan it wurd. Hy is de man dy’t as earste alle geheime dokuminten ynsjoen hat, dy’t desennialang opburgen leine yn it Frânske militêre argyf fan Vincennes. Turbergue hat de saak troch en troch bestudearre en komt ta ynteressante konklúzjes oer de spionaazjeaktiviteiten fan Mata Hari.

Dêrnjonken folgje we yn dizze Fryslân DOK Tet Rozendal, de aktrise dy’t yn de rol fan Mata Hari krûpt. Rozendal makke yn 2013 in foarstelling oer de frou dy’t har sa fassinearret. Nei ôfrin fan har toernee naam sy in pear libbenslessen fan Mata Hari oer, dy’t har libben op ‘e kop setten. Tet Rozendal kriget no foar it earst de kâns om har foarstelling yn Parys te spyljen. In dream dy’t útkomt of in gefjocht om je dreamen realisearje te kinnen?

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Mata Hari’ is op snein 22 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon 21 oktober om 15.30 oere en snein 22 oktober om 13.00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 – 299 7876.

(advertinsje)