Mar-athon en muzyk by Omrop Fryslân

18 jun 2015 - 15:00

Tûzenen kuierders en hurdrinners rinne sneon 20 juny ‘in rûntsje om de mar’ by de Mar-athon fan Snits. By Omrop Fryslân kinne minsken live meigenietsje fan it evenemint fia radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app. Op sneontejûn is it brassbandfestival Surventobrass yn Surhústerfean ek live te folgjen op Omroplive.nl. Noch mear muzyk is der op snein 21 juny yn de Prinsetún yn Ljouwert mei Noardewyn Live. De opnamen dêrfan wurde letter útstjoerd.

Mar-athon
De ‘Mar-athon rond Sneek en meer’ giet om de hiele Snitsermar hinne. Omrop Fryslân hat sneon oerdei in soad omtinken foar de kuierders. Sy binne fan 13.00 oere ôf live te folgjen fia radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app. Ferslachjouwers Andor Faber en Timo Jepkema dogge oant 18.00 oere ferslach fan de tocht. Jûns is der yn Hjoed in reportaazje fan de earste kilometers fan de kuierders dy’t de hiele maraton rinne. In ferslach fan de hurdrinwedstryd fan sneontejûn is op sneintemoarn 21 juny te hearren op ‘e radio en jûns te sjen yn Hjoed. Mei de winners, de ferliezers en fansels moaie bylden fan de rinners.

Sms’kes, whatsappkes en tweets dy’t nei de Omrop stjoerd wurde, komme middeis foarby op televyzje. Sms’e en whatsappe kin nei 06 20 499 199 en twitterje kin fia #maratonsnits. Mear ynformaasje oer it evenemint is te finen op www.mar-athon.com.

Surventobrass
Sneontejûn 20 juny fynt yn Surhústerfean it brassbandfestival Surventobrass plak. It festival is fan 18.30 ôf rjochtstreeks te folgjen fia www.omroplive.nl. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te beharkjen binne op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. Mear ynformaasje oer it festival is te finen op: www.surventobrass.nl.

Noardewyn Live yn de Prinsetún
Willem de Vries set op snein 21 juny de Prinsetún op ‘e kop mei Noardewyn Live. It muzykprogramma organisearret tegearre mei Prinsentuinconcerten in edysje yn de Prinsetún. De line-up bestiet ûnder oaren út Wiebe Kaspers & Big Bang Que, Tiffany and the Rhytmboys, The Woodyband, Highway 54, Marcel Smit en DJ-duo Retro & Fonky. Noardewyn Live begjint om 14.00 oere yn de koepel yn de Prinsetún en is fergees tagonklik. It programma wurdt opnaam en op sneon 4 july útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)