'Machtich man' Riemer en ABE! op Omrop Fryslân

15 jul 2020 - 07:49

Yn de 100-jierrige skiednis fan SC Hearrenfean belibbe de klup syn meast suksesfolle perioade ûnder Riemer van der Velde. Yn de Fryslân DOK 'Ofskied fan in machtich man' (2006) folget Arjen de Boer him yn syn lêste jier as foarsitter. In oare ûnferjitlike man út de kluphistoarje is fansels Abe Lenstra. Yn 1995 waard it grutte teäter- en fuotbalspektakel ABE! útfierd yn it stadion dat syn namme hat. Yn dizze SC Hearrenfean jubileumwike stjoert Omrop Fryslân de dokumintêre en de hichtepunten fan it teäterspektakel nochris út.

Hûndert jier ferlyn, op 20 july 1920, waard de fuotbalklup Hearrenfean oprjochte. Dêrom djippet Fryslân DOK de dokumintêre 'Ofskied fan in machtich man' op út it argyf. Makke yn 2006, mar ek no nijsgjirrich om te sjen. Ommers, fjirtjin jier nei syn ôfskied fielt Riemer van der Velde him noch altyd belutsen by de klup.

Riemer van der Velde stie bekend as in man mei in skerpe noas foar jonge talinten. Tal fan bûtenlânske fuotballers dy't letter wrâldferneamd wurde soene, begûnen har ynternasjonale karriêre by SC Hearrenfean. Programmamakker Arjen de Boer folge Van der Velde yn syn lêste jier as foarsitter op scoutingreis nei Spanje. Yn in boatsje op de Langwarder Wielen filosofearret er oer fuotbal en de oerienkomsten mei syn hobby: fiskjen. We sjogge hoe't hy syn netwurken ûnderhâldt as gasthear fan bekende Nederlanners yn syn eftertún, ûnder it skûtsjesilen by Langwar, mei ûnder oaren Afonso Alves, Paul Bosvelt, Guus Hiddink en Hil Lenstra, de frou fan Abe. En wa't altyd neist Riemer stiet en ek in haadrol hat yn dizze film: syn frou Annie.

ABE!
Oanslutend oan de dokumintêre stjoert Omrop Fryslân snein de moaiste mominten út fan it teäter- en fuotbalspektakel ABE! Dy produksje waard fan 11 oant en mei 16 septimber 1995 útfierd yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean.

By ABE! soargen mear as 500 meiwurkers foar it non-stop spektakel dêr't de hichtepunten út de legindaryske fuotbalwedstriid út 1950, Heerenveen-Ajax (6-5), yn sintraal steane. Yn it troch Bouke Oldenhof skreaune stik spylje in protte bekende persoanen mei, lykas Peter Tuinman, Maarten Spanjer en Rinus Michels. Tryater tekene foar it teäterbarren ûnder regy fan Jos Thie. De foarstellingen waarden besocht troch 40.000 taskôge­rs. Yn de lanlike en regionale parse krige ABE! rûnom grutte wurdearring.

Fryslân DOK: Ofskied fan in machtich man
Sneon 18 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 19 july 13.10 oere)
Snein 19 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

ABE!
Snein 19 july, 17.30 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Noat foar de redaksje
Boarnefermelding ôfbyldingen: Omrop Fryslân

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 - 299 7876 of 06 - 14 23 98 34.

(advertinsje)