Maarten van der Weijden en Reuzen live by Omrop Fryslân

14 aug 2018 - 09:53

Sawol de reuseftige swimtocht fan Maarten van der Weijden as de tocht fan de Reuzen yn Ljouwert is dit wykein live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan de tocht fan de Reuzen fan Royal de Luxe docht de Omrop ferslach op freed 17 augustus fan 10.00 oere ôf. De Alvestêde-swimtocht fan Maarten van der Weijden is te folgjen fia in 360 graden livestream, fan de start ôf op sneon 18 augustus om 04.30 oere.

Reuzen
Omrop Fryslân lit fia in livestream bylden sjen fan de earste foarstelling fan de Reuzen op freed 17 augustus. De livestream is fan 10.00 oere ôf te besjen fia de Omrop-app, Omropfryslan.nl, Facebook en ek op telefyzje. Presintatrise Jantine Weidenaar fersoarget it kommentaar by de bylden. Fierders is ferslachjouwer Wendy Kennedy op 'en paad om de mieningen fan de taskôgers te peilen en de sfear yn de stêd te priuwen. Dêrneist wurdt it hiele wykein in liveblog byhâlden fan de situaasje yn de stêd, de lêste updates oer it ferkear en de sfear.

Maarten van der Weijden
De meunsterswimtocht fan Maarten van der Weijden by alle alve stêden del is by Omrop Fryslân te folgjen fia in 360 graden livestream. De livestream is in gearwurking mei de NOS. Op de stream binne Maarten en de folchswimmers de folsleine swimtocht te folgjen. De livestream is te finen yn de Omrop-app en fia Omropfryslan.nl. Fan de start op 18 augustus om 04.30 oere oant de finish op 20 augustus.


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)