Ljocht en skaad oer it sinnepark

03 feb 2020 - 16:10

It klimaat feroaret, fossile enerzjyboarnen reitsje útput. Yn 2030 - sa is ôfpraat yn it Klimaatakkoord - moat 70% fan alle elektrisiteit komme fan duorsume boarnen as wyn en sinne. Hoefolle lânskip en natuer wol Fryslân opjaan foar grutskalige sinneparken? Yn de Fryslân DOK 'Ljocht en skaad oer it sinnepark' ûndersiket Dieuwke Kroese lytse en grutte inisjativen.

Sinnepanielen op it dak, doarpen mei eigen enerzjykorporaasjes, grutte ûntwikkelders dy't in soad jild ynvestearje yn mega-sinneparken. Yn Fryslân binne der ambysjes op lytse en grutte skaal. Doarpsbewenners sette mei har allen de skouders der ûnder, enerzjykorporaasjes yn bygelyks Garyp en Wynjewâld libje folop. Mega-ûntwikkelings binne der ek: op in stik lânbougrûn by Easterwâlde fan 77 fuotbalfjilden grut, wurdt it grutste sinnepark fan Fryslân boud.
De kearside is dat kostbere romte, natuer en lânskip opoffere wurde foar enerzjyfoarsjenning. Boppedat is it elektrisiteitsnet net berekkene op de tastream fan safolle ekstra enerzjy.

Fryslân DOK: Ljocht en skaad oer it sinnepark
Sneon 8 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling)
Snein 9 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)