Live programma oer de moaiste Fryske sportmominten 2018

04 des 2018 - 14:52

Wat wiene neffens it Fryske publyk de 10 moaiste sportmominten fan 2018? Yn it spesjale telefyzjeprogramma 'Sportmominten 2018' presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 14 desimber de populêrste sportmominten. Ut de foarôf 30 selektearre mominten hawwe it publyk en in sjuery de moaiste 10 keazen. Dy top 10 wurdt yn Sportmominten 2018 presintearre.

Oan tafel by presintator Arjen de Boer sitte fjouwer fan de nominearren: reedrydster Marrit Leenstra, fuotbalster Sherida Spitse, skipper Douwe Visser en shorttracker Sjinkie Knegt. Mei-inoar sjogge sy nei de keazen favorite sportmominten. Ek sjogge sy werom op harren eigen sportmomint.

Nominearren
Yn totaal binne der troch Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Sport Fryslân 30 grappige, emosjonele, mar ek fertrietlike sportmominten selektearre. Welke sportmomenten raakte het publiek en de jury het meeste? Under oare it momint dat shorttrackster Suzanne Schulting tsjin alle ferwachtingen yn goud wûn op de Olympyske Spullen of it momint dat klupheld Martijn Barto nei 7 seizoenen ôfskied naam fan syn SC Cambuur. Sa binne der noch 28 bysûndere sportmominten fan Fryske sporters dy't kâns meitsje yn de top 10 te kommen.

Sportmominten 2018
It live-programma is op freed 14 desimber om 17.10 oere te sjen by Omrop Fryslân. De 30 sportmominten binne selektearre troch in faksjuery besteande út Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant.

Noat foar redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876

(advertinsje)