Live ôftraap Fryske top 100 yn Drachten

19 nov 2019 - 16:19

It stimmen op de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân wurdt op sneontemiddei 23 novimber letterlik ôftrape yn it sintrum fan Drachten troch Cambuur-trainer Henk de Jong en sjonger Gurbe Douwstra. Der is dy middei ek live muzyk fan Folkert-Hans, it duo Weima & van der Werf en Lytse Hille.

Elkenien kin fan 13.00 oere ôf terjochte op de Súdkade yn Drachten om syn of har top 5 troch te jaan yn de spesjale stimhokjes. Publyk is wolkom, de iepening is ek live te folgjen op radio en telefyzje yn it programma Sneon yn Fryslân en fia de livestream yn de Omrop-app.

Mear punten foar de nûmer 1
Al mear as 20 jier stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei in list mei de meast favorite lieten fan it Fryske publyk út. Foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Komt de Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra wer op nûmer 1? Wurdt it Fûgels fan Die Twa? Of fûn it publyk it ferline jier dochs wol ferfrissend dat der ris hiel wat nijs boppe-oan de list kaam te stean en stimme sy massaal op in oar nûmer? Elkenien hat ynfloed op de gearstalling fan de list. Want by it ynfoljen fan in top 5, krijt de nûmer 1 mear punten as de nûmers dêrnei.

Stimhokjes en de jukebox
Fan sneon 23 novimber ôf kin der wer stimd wurde fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Dêrneist sille fjouwer wiken lang op ferskate lokaasjes yn de provinsje stimhokjes opdûke. Alle stimmers meitsje kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt weijûn yn de útstjoering op âldjiersdei.

Noat foar de redaksje:
Bronfermelding ôfbylding: 'Omrop Fryslân'.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)