Live ôftraap Fryske top 100 stimmerij

14 nov 2018 - 10:58

It stimmen op de Fryske top 100 wurdt op sneon 24 novimber live ôftrape troch de heechste nije binnenkommer fan ôfrûne jier: Wiebe Kaspers en de Greidebern. Yn it sintrum fan Snits iepenje sy sjongend de stimbus. Ek Iris Kroes en Van Geeft'm trede op. Elkenien kin fan 13.00 oere ôf terjochte op it Schaapmarktplein yn Snits om syn top 5 troch te jaan yn de spesjale stimhokjes. De iepening is ek live te folgjen op radio en telefyzje yn it programma Sneon yn Fryslân.

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út, foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Ferline jier kaam der in opfallend heech oantal nije nûmers de Fryske top 100 binnen. Wa komt dit jier it heechste binnen en wurdt Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher' fan it earste plak stjitten?

Ek foar artysten is de Fryske top 100 belangryk, Johannes Rypma fan The Bounty Hunters: "Yn it ferline harken wy altyd nei de Fryske top 100 op âldjiersdei en no steane je der sels tusken, dat is wol te gek fansels. We krije faak fan publyk te hearren dat we in soad draaid wurde by Omrop Fryslân. Hoe faker der op ús stimd wurdt, hoe faker we draaid wurde, hoe mear minsken ús hearre, hoe mear minsken der by ús optredens komme. Want we binne bekend fan 'e radio, sa wurket dat."

Stimhokjes en de jukebox
Fan sneon 24 novimber ôf kin der wer stimd wurde fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Ek sille op ferskate lokaasjes yn de provinsje Fryske top 100 stimhokjes opdûke. Alle stimmers meitsje kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn it programma. Hâld de radio dus oan op 31 desimber!

Fryske top 100
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)