Lintsjesrein by Omrop Fryslân

16 apr 2015 - 15:05

Freed 24 april live op Omrop Fryslân Radio

Wa fertsjinnet neffens jo in lintsje? Lykas ferline jier sille ferslachjouwers fan Omrop Fryslân op freed 24 april op ‘en paad om minsken, dy’t it neffens oaren fertsjinje, in Omrop-lintsje op te spjeldzjen.

Freed 24 april is dit jier de dei fan de tradisjonele lintsjesrein. In soad minsken krije dan in Keninklike ûnderskieding foar harren bysûndere (frijwillige) fertsjinsten. Fansels is dêr by Omrop Fryslân rom omtinken foar.
Mar der binne ek in protte fertsjinsten dy’t net direkt foar sa’n Keninklik lintsje yn de beneaming komme. Fan minsken dy’t in soad dogge foar in oar. Lykas de buorfrou dy’t alle wiken foar jo te boadskipjen giet, heit dy’t altyd op jo bern passe wol of dy freon dy’t it gers meant, omdat jo it sels net mear kinne. Foar dy minsken is der it Omrop-lintsje.

Jou de persoan dy’t neffens jo in lintsje fertsjinnet op fia lintsje@omropfryslan.nl en set derby wêrom’t no krekt dy persoan in lintsje krije moatte soe. Dat kin oant en mei moandei 20 april. Ut alle ynstjoerde ferhalen kiest de redaksje in oantal persoanen dy’t freed troch in live-ferslachjouwers ferrast wurde mei in lintsje.

Foarich jier krige Omrop Fryslân sawat hûndert oanmeldingen foar in lintsje. Omdat de aksje sa goed oansloech, hat de Omrop besletten om dit jier op ‘e nij Omrop-lintsjes út te dielen. Stim foar dizze aksje ôf op 92.2FM en sjoch ek op de spesjale side: http://www.omropfryslan.nl/omroplintsje.

Noat foar de redaksje:
Foto: It Omrop-lintsje en oarkonde.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)