Liet Ynternasjonaal op Omroplive.nl

10 des 2014 - 15:49

Op freed 12 desimber fan 19:30 oant 23:00 oere

Yn maaie koene minsken al genietsje fan Liet 2014 en oankommende freed 12 desimber stjoert Omrop Fryslân Liet Ynternasjonaal út op Omroplive.nl. Liet Ynternasjonaal is in sjongfestival foar regionale en minderheidstalen út hiel Europa. Dit jier is it alwer de 10e edysje fan Liet Ynternasjonaal. Tsien regio’s út hiel Europa binne dit jier fertsjintwurdige yn it Dútske Oldenburg.

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet Ynternasjonaal is in Frysk inisjatyf. Yn 2002 waard it foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 wurdt it stipe troch de Ried fan Europa. Liet Ynternasjonaal lûkt alle jierren in soad parse-oandacht en is útgroeid ta ien fan de grutste festivals foar de promoasje fan regionale en minderheidstalen.

Bruno Rummler kaam as winner út de finale fan it Fryske Sjongfestival Liet 2014. Hy wûn mei it nûmer ‘Beppe’ en docht freed 12 desimber mei dit nûmer mei oan Liet Ynternasjonaal yn it Noard-Dútske Oldenburg. Yn Dútslân fynt elk jier it sjongfestival ‘Platsounds’ plak mei ferskes yn it Platdútsk. Dit jier hat de twamansformaasje ‘The Paintbox’ it sjongfestival yn Oldenburg wûn. Sy fertsjintwurdigje it Platdútsk op 12 desimber. Fierder docht ‘Forefingers Up! – A new Balentia’s joint’ mei út Sardinië (Itaalje), ‘Aila-duo’ yn it Sami (Finlân), ‘Banda Gaitas El Trasno’ út Asturias (Noarden fan Spanje), ‘Willie Campbell’ yn it Gaelysk (Skotlân), ’Martina Iori’ sjongt yn it Ladin en komt út Val di Fassa (Noarden fan Itaalje), ‘Marina Sadova’ út de Mari El Republic sjongt yn it Mari (diel fan de Russyske Federaasje), ‘Adnoz’ út Bretanje (Frankryk) en ‘Bandalheira’ yn it Minderico (Portugal).

Liet Ynternasjonaal wurdt freed 12 desimber útstjoerd op Omroplive.nl fan 19:30 oant 23:00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)