Lian Nijenhuis nije kommissaris Omrop Fryslân

17 apr 2018 - 14:44

Lian Nijenhuis fan Mildaam is beneamd ta nij lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. Nijenhuis nimt plak yn de RfK op foardracht fan de ûndernimmingsried fan Omrop Fryslân. Sy folget Anja Dijkman op, dy't fan 2006 oant 2018 kommissaris west hat. De Ried fan Kommissarissen bestiet fierder út Ton Baas (foarsitter), Ger Jaarsma en Saakje Mulder.

Lian Nijenhuis, berne op 4 maart 1978 yn Nijehoarne, is sûnt 2005 wurksum as Adviseur/Trainer yn meisizzenskip by SBI Formaat yn Doorn. Yn dy funksje jout sy ûnder oare advys en trainingen oan ûndernimmingsrieden en advisearret se organisaasjes dy't mei feroaringstrajekten dwaande binne. Earder wurke Nijenhuis foar ferskate organisaasjes en opliedingen as projektmanager, coach en dosint Ekonomy. Sy folge ûnder oare in oplieding Ekonomy oan de Ryksuniversiteit yn Grins, de learare-oplieding en de Heao.

RfK-foarsitter Ton Baas: "Wy binne tige bliid mei Lian Nijenhuis as nije kommissaris. Har ûnderfining en kennis op it mêd fan governance en meisizzenskip binne in moaie oanfolling op de kennis dy't we al hawwe binnen de Ried fan Kommissarissen".

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download lian.jpg (298.98 KB)
(advertinsje)