LêsNo fan start mei boek 'Wês net bang' en searje 'Bosk'

02 jan 2017 - 10:24

Ferdield oer 31 skoallen en 147 klassen sille fan 10 jannewaris 2017 ôf goed 4000 learlingen yn Fryslân, seis wiken lang mei it projekt Lêsno oan ‘e slach. LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Dit jier bestiet it LêsNo projekt út de dramasearje 'Bosk’, it boek ‘Wês net bang’, in audio- en meilêsferzje fan it boek en in lesbrief passend by it boek en de searje. Doel fan it projekt is it fergrutsjen fan de lêswille by de doelgroep. It is de tredde edysje fan LêsNo. It projekt is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

Start fan it projekt
By de start fan it projekt op 10 jannewaris binne goed 150 learlingen fan it Bornego College fan It Hearrenfean oanwêzich. Halbe Piter Claus, regisseur fan de searje en Hanneke de Jong, skriuwster fan it boek, binne ek by de start oanwêzich. De Jong sil it earste eksimplaar oan Lilan, de haadpersoan út it boek, oanbiede. Fansels is ek in part fan de searje ‘Bosk’ te sjen. De start fan it projekt is foar in grut part ynteraktyf mei live muzyk en stiet yn it tema fan flechten.

Boek ‘Wês net bang’, skreaun troch Hanneke de Jong
It boek ‘Wês net bang’ fertelt it wier barde ferhaal fan de 17-jierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië lit se alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As se dan ek noch har rêchtas en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. It boek is spesjaal foar it projekt skreaun.

Jeugdsearje ‘Bosk’, regisearre fan Omrop Fryslân
Justus bringt syn fakânsje troch by syn omke en muoike op harren kampearbuorkerij. As hy op in dei it paad bjuster is yn it bosk, komt er in ferwyldere man mei in wûne tsjin. Justus beslút de man, in eks-militêr te helpen, mar dat is net sa ienfâldich. Hy krijt te meitsjen mei ferskillende belangen en syn goede bedoelingen rinne út op in fûle striid.

Noat foar de redaksje / Utnûging foar de parse
Wy nûgje jo fan herte út om op tiisdei 10 jannewaris by de start fan it projekt oanwêzich te wêzen. Jo binne om 10.30 oere wolkom by De Rinkelbom, Zwanedrift 2, 8446 KS It Hearrenfean.

Wy stelle it op priis as jo yn it foar oan ús trochjouwe oft jo op de útnûging yngeane. Oanmelde kin by de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of telefoanysk fia 058 299 7876.

Mear witte oer LêsNo? Nim dan kontakt op mei de Bibliotheekservice Fryslân, 058-2847723 of mail nei: g.palstra@bfrl.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)