Leafde foar liuwen – fan Aleppo oant Nijeberkeap

24 feb 2020 - 15:23

Uthongere en mei de dea yn de eagen wurde twa jonge tigers út in bombardearre pretpark yn Aleppo helle. Nei in lange reis kinne se bykomme by Felida yn Nijeberkeap. Ek twa ferstjitten liuwewelpen út in suterige bistetún yn Bulgarije krije dêr in thús. De Fryslân DOK 'Leafde foar liuwen - fan Aleppo oant Nijeberkeap' jout in blik tusken de traaljes troch fan opfangsintrum Felida.

Yn 1992 waard it sintrum oprjochte troch Arno van der Valk.Yntusken is it oernommen troch de stichting Viervoeters en wol Felida in 'special care' sintrum wurde foar liuwen, tigers en oare katachtigen. De meiwurkers besykje de traumatisearre rôfdieren wer sa goed by sûp en stút te bringen, dat se útsetten wurde kinne yn in reservaat yn Afrika. En as dat net slagget, bliuwe se by Felida.

Programmamakker Timo Brinkman folget foar Fryslân DOK fersoarger Juno van Zon dy't, soms mei gefaar foar eigen libben, yn it bûtenlân bisten rêdt. Yntusken docht lokaasjemanager Simone Schuls alle war om yn Nijeberkeap in nije opfang te realisearjen mei bettere fasiliteiten. Wat driuwt harren yn 'e leafde foar dizze - net altyd like leave -liuwen?

Fryslân DOK: 'Leafde foar liuwen - fan Aleppo oant Nijeberkeap'
29 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 13.10)
1 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)