​Lansearring nij Frysk muzykkanaal by ûntknoping Fryske top 100

31 des 2019 - 15:53

Yn de útstjoering fan de Fryske top 100 op âldjiersdei lansearre Omrop Fryslân in nij online muzykkanaal foar Frysktalige muzyk: 'Alles Frysk'. Op it online kanaal is 24 oeren deis muzyk fan Fryske artysten te hearren. Fansels ek de nûmer ien fan de Fryske top 100 fan 2019: Gurbe Douwstra mei 'Cliffs of Moher'.

Nei de ferrassende nûmer ien fan ferline jier, 'Ik wie smoar' fan Oele Plop, is it heechste plak yn de Fryske top 100 fan 2019 wer foar 'Cliffs of Moher'. Dat nûmer stie al acht kear earder op ien. Op twa stiet 'Marije Maria' fan Reboelje en de top trije wurdt kompleet makke mei 'In nije dei' fan De Kast (live). Yn totaal waarden dit jier 41.125 stimmen útbrocht op de Fryske top 100. De folsleine list is te finen op Frysketop100.nl.

Alles Frysk
Yn de útstjoering fan de Fryske top 100 lansearren leden fan Folkkoar Rolling Home it nije online muzykkanaal 'Alles Frysk'. Op dat kanaal is 24 oeren deis muzyk fan Fryske artysten te hearren. Fan De Hûnekop, Piter Wilkens en Griet Wiersma oant De Kast en The Bounty Hunters. Wim Brons is de stim fan 'Alles Frysk' en ien fan redakteuren dy't de muzyk foar it kanaal útsiket:
"Ast ferlet hast fan Frysktalige muzyk, sûnder nijs of in presintator, dan moatst lekker 'Alles Frysk' opsette. We hawwe de kar út sa'n twatûzen titels. Fansels komme de hits dy't ek yn de Fryske top 100 steane foarby, mar ek nûmers dy't wat minder faak te hearren binne. Frysker wurdt it net!". Alles Frysk is te beharkjen fia Omropfryslan.nl/live en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Boarnefermelding ôfbylding: Omrop Fryslân
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)