In krityske blik op it Nederlânske ûnderwiissysteem

03 jun 2020 - 13:11

Hoe giet Nederlân om mei bern dy't ûnder de noarm prestearje? Yn de Fryslân DOK: 'Ik bin PRO - flaters meitsje mei net' in krityske blik op ûnderwiis.

Dosint Jos Sleurink fan praktykskoalle De Compagnie op It Hearrenfean fynt dat it hjoeddeiske ûnderwiissysteem net oanslút op wat jongeren nedich hawwe om te groeien yn wa't se binne en wat se dogge. Neffens him wurde guon bern troch it systeem earder beskeadige as holpen. Hy sjocht dat dizze bern fan de basisskoalle nei it praktykûnderwiis útstreame. Bern dy't ûnder de noarm prestearje en dêrtroch in min selsbyld ûntwikkele hawwe. "Al jarenlang hebben ze het gevoel niet te voldoen. Ze worden afgerekend op hun fouten en de dingen die niet lukken. Dat doet pijn."

Yn it praktykûnderwiis slagget it om bern in feilige learomjouwing te jaan, dêr't se opbloeie en har maksimaal ûntwikkelje. Jos Sleurink socht nei it ûnderlizzend probleem fan it ûnderwiissysteem en ferdjippe him yn in oare benadering: it 'mediërend' leare.

De Fryslân DOK 'Ik bin PRO - flaters meitsje mei net' fan dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf jout in krityske blik op ûnderwiis. It is it ferfolch op de Omrop Fryslân searje 'Ik bin PRO', dêr't presintator Raynaud Ritsma in jier foar meirûn op trije Fryske praktykskoallen.

Fryslân DOK 'Ik bin PRO - flaters meitsje mei net'
Sneon 6 juny, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 7 juny 13.10 oere)
Snein 7 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)