Konsertkonkoers OMF op Omroplive.nl

11 mrt 2016 - 15:20

Live op sneon 19 maart

It foarjier stiet foar de doar en dêrmei ek it foarjierskonkoers fan de OMF. De muzyk fan Harmony, Fanfare en Brassband is op sneon 19 maart wer live te sjen en te beharkjen fia Omrop Fryslân. It konsertkonkoers fan de OMF is dan fan 9.00 oere ôf streekrjocht te folgjen op de ynternetstjoerder Omroplive.nl en fia de Omrop-app.

Oan it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) yn ‘De Lawei’ dogge 18 muzykferieningen mei. De optredens binne streekrjocht te folgjen fia www.omroplive.nl. De sjueryleden binne: Gert Buitenhuis, Durk Lautenbach, Hennie Ramaekers, Alex Schillings, Danny Oosterman en Jacob Slagter.

Njonken de live-útstjoering makket Omrop Fryslân ek opnamen fan de optredens. Dy binne letter werom te hearren op de HaFaBra-ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De orkesten spylje ek in ynspylwurk, de koralen dêrfan wurde op sneintemoarns tusken 06.00 en 08.00 oere útstjoerd yn it radioprogramma Koperkanaal FM.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

Konsertkonkoers
Sneon 19 maart fan 9.00 oere oant likernôch 23.00 oere op www.omroplive.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, telefoan: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)