Konsertkonkoers OMF op Omroplive.nl

20 nov 2015 - 15:04

Live op sneon 28 novimber

Leafhawwers fan de muzyk fan Harmony, Fanfare en Brassbands kinne op sneon 28 novimber fia Omrop Fryslân wer live meigenietsje fan optredens. It konsertkonkoers fan de OMF is dan fan 9.45 oere ôf streekrjocht te folgjen op de ynternetstjoerder Omroplive.nl.

Oan it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) yn
‘De Lawei’ yn Drachten dogge 18 orkesten mei. De optredens fan alle orkesten binne live te folgjen fia www.omroplive.nl. Der komme orkesten út de 5e oant en mei de 2e divyzje op it poadium. Brassband ‘Concordia’ fan Bûtenpost trapet it konsertkonkoers ôf om 9.50 oere. As lêste spilet it fanfare-orkest ‘Oranje’ út Dokkum om 21.30 oere. Dêrnei wurde de útslaggen bekend makke.

Omrop Fryslân makket ek opnamen fan de optredens. Dy binne letter werom te hearren op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De koralen binne op sneintemoarns tusken 06.00 en 08.00 oere te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

Konsertkonkoers
Sneon 28 novimber fan 9.45 oere oant likernôch 22.30 oere op www.omroplive.nl.

Noat foar de redaksje:
Foto’s: makke troch Durk Dam, OMF.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, telefoan: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)