Konsertkonkoers OMF live op Omropfryslan.nl

16 nov 2016 - 13:44

Op sneon 19 novimber

Leafhawwers fan de muzyk fan Harmony, Fanfare en Brassbands kinne op sneon 19 novimber fia Omrop Fryslân wer live meigenietsje fan optredens. It konsertkonkoers fan de OMF wurdt om 8.30 iepene troch foarsitter Johan Meesters en is de hiele dei streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân fia de webside en de Omrop-app.

Oan it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) yn
‘De Lawei’ yn Drachten dogge 19 orkesten mei, wêrfan 15 Fryske orkesten. De optredens fan alle orkesten binne live te folgjen fia Omropfryslan.nl/live. Muzykferiening ‘Oldemarkter Fanfare’ út Oldemarkt trapet it konsertkonkoers ôf om 8.45 oere. As lêste spilet de brassband ‘De Wâldsang’ fan Bûtenpost om 21.10 oere. Om 22.00 oere hinne wurde de útslaggen bekend makke.

Omrop Fryslân makket ek opnamen fan de optredens. Dy binne letter werom te hearren op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl. De koralen binne ek op sneintemoarns tusken 06.00 en 08.00 oere te hearren op Omrop Fryslân Radio.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, telefoan: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)