Konserten Noord Nederlands Orkest live by Omrop Fryslân

11 des 2020 - 10:50

It Krystkonsert en it Nijjierskonsert fan it Noord Nederlands Orkest binne op 17 desimber en 2 jannewaris live te sjen by Omrop Fryslân. No't der gjin publyk yn de konsertseal wêze kin, kin elkenien sa dochs de konserten belibje. De konserten binne by Omrop Fryslân te folgjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De útstjoeringen binne in gearwurking fan it NNO, Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

It Krystkonsert
It Noord Nederlands Orkest spilet by it Krystkonsert neist in pear typyske Ingelske 'Christmas Carols' en tradisjonele Dútse krystlieten ek muzyk fan Georg Friedrich Händel. It konsert wurdt fan 20.00 oere ôf live útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It konsert is ek online te besjen op de kanalen fan RTV Noord en RTV Drenthe.

It NNO Krystkonsert wurdt laat troch Risto Joost, mei sopraan Louise Kemény, mezzo-sopraan Barbara Kozelj en presintatrise Nynke Heeg. Hichtepunt fan it konsert is Händels Music for the Royal Fireworks, oarspronklik skreaun foar de lûdroftige besetting fan in militêr orkest foar in foarstlik feest, en ek tige geskikt om it âlde jier út te knallen. Sjoch foar mear ynformaasje op: nno.nu/concert/kerstconcert.

Nijjierskonsert en fierdere gearwurking
De trije Noardlike omroppen en it NNO hawwe ôfpraat om mear konserten út te stjoeren fia de ferskillende online kanalen en op 'e telefyzje. Dat om alle minsken yn Noard-Nederlân genietsje te litten fan klassike muzyk en harren Noord Nederlands Orkest yn dizze tiid dochs mei te meitsjen. Ek it Nijjierskonsert fan it NNO, mei soliste Francis van Broekhuizen, is live te folgjen. It Nijjierskonsert is op 2 jannewaris fan 20.00 oere ôf live te sjen. Op telefyzje en online by Omrop Fryslân en online fia RTV Drenthe. Nei jannewaris steane der noch sa'n 5 konserten pland, dy't live útstjoerd wurde. Einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: "Wy fine it tige wichtich om it Fryske/Noardelike publyk de kâns te jaan om te genietsjen fan moaie konserten. Foaral no't minsken thús bliuwe moatte, is it weardefol dat de omroppen op dizze wize kultuer yn 'e hûs bringe kinne."

NNO konserten live
Krystkonsert:17 desimber, 20.00 oere, live op TV, Omropfryslan.nl en de Omrop-app
 

(Advertinsje)