Konsert Noord Nederlands Orkest live by Omrop Fryslân

30 jun 2020 - 15:18

It Noord Nederlands Orkest komt op 3 july werom nei de konsertseal yn SPOT/De Oosterpoort. Yn symfoanyske besetting spilet it NNO in seleksje fan klassike topstikken dirigearre troch fêste gastdirigint Antony Hermus. It konsert is live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Ek RTV Noord en RTV Drenthe litte it konsert sjen op harren online kanalen.

It lêste NNO-konsert hie plak op 11 maart. Dêrnei lei de coronakrisis it kulturele libben folslein plat. Krekt doe't konsertbesyk ynienen net mear fanselssprekkend wie hawwe in soad minsken fernaam hoe grut ús muzykbehoefte eins is. Fuort nei de lockdown kamen de alternativen los: balkonserenades, teäter foar it rút en in soad ynternet-konserten. Mar der giet fansels neat boppe in écht live optreden. No, mei it ferromjen fan de regels en mooglikheden sil it Noord Nederlands Orkest op 'e nij spylje.

Symfoanyske besetting
It konsert op 3 july foldocht oan de jildende RIVM-easken mei in feilige orkestbesetting en plak foar in beheind tal besikers. Der wurdt spile yn in lytsere, symfoanyske besetting. Gewoanwei binne der 80 musisy nedich om guon stikken te spyljen, no wurdt der spile mei 53. De orkestleden moatte op syn minst 1,5 meter út inoar sitte en blazers sels 2 meter. Dy gruttere ôfstân makket it ek dreger inoar goed te hearren en te sjen.

Stikken
It NNO trapet ôf mei it begjindiel út Dvoráks Nieuwe Wereld-symfonie - in stik dêr't hy syn yndrukken fan Amearika yn hearre liet, mar dat kwa titel ek by de hjoeddeiske situaasje past. Fan Robert Schumann klinkt it spiritueel laden diel út de Tredde symfony. Stikken fan Mozart en Johann Strauss bringe in fleurige noat en it NNO einiget mei de Finale út Beethovens Sande symfony - want 2020 is noch altyd Beethoven-jier.

Live te folgjen
Yn de seal is der plak foar 220 besikers, foar alle oare leafhawwers wurdt it konsert streamd en útstjoerd yn gearwurking mei RTV Drenthe en RTV Noord. It konsert is fan 20.15 oere ôf live te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app en letter ek werom te sjen op de webside fan de Omrop.

(advertinsje)