Konflikt direksje en haadredaksje Omrop Fryslân

17 sep 2018 - 12:21

Der is in konflikt ûntstien tusken haadredakteur Klaas Geert Bakker en direkteur Nina Hiddema fan Omrop Fryslân. Bakker sit foarearst thús. Neffens direkteur Hiddema is der sprake fan in net better wurdende fersteurde wurkrelaasje.

It personiel fan Omrop Fryslân is fan 'e middei op de hichte brocht troch de direksje. Bakker is sûnt april 2015 yn tsjinst fan Omrop Fryslân. Omdat de saak ûnder de rjochter is, wol Hiddema fierder net op de details yngean.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)