Kolleezjes fan de Academie van Franeker yn eigen húskeamer

09 des 2020 - 12:21

De Academie van Franeker bringt fan woansdei 9 desimber ôf in trijetal kolleezjes live yn de húskeamer yn it programma Thúsakademy. De akademy is drok dwaande om fan Frjentsjer wer in universiteitsstêd te meitsjen. De kolleezjes binne gewoanlik foar publyk tagonklik, mar yn dizze tiid is dat net altyd mooglik. Dêrom bringt de akademy tegearre mei Omrop Fryslân de kolleezjes by de minsken thús.

Universiteitsstêd fan doe
De Academie van Franeker stie in pear iuwen lyn oan de top fan de wittenskiplike wrâld, mei studinten út binnen- en bûtenlân. De akademy sette him ek yn om in link te lizzen tusken de wittenskiplike wrâld en de maatskippij. Sa waard der net allinne kolleezje jûn yn it Latyn, mar ek yn it Nederlânsk, lykas yn wiskunde, mjitkunde, astronomy en skipfeartkunde. Oan de akademy kaam yn 1811 in ein, doe't Napoleon Bonaparte de akademy sleat.

Stichting Academie van Franeker
Trije jier ferlyn is de akademy nij libben ynblazen. De stichting 'Academie van Franeker' is opset om it universitêre ferline fan Frjentsjer op in moderne wize oplibje te litten. Dêrfoar hat de akademy him spesjalisearre op in fjouwertal tema's: 'Natuur en Techniek', 'Mens en Gezondheid', 'Recht en Omgeving' en 'Letter en Geest'. De Academie van Franeker wurket hjoed-de-dei gear mei Campus Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins.

Kolleezjes foar eltsenien
Om de ferbining tusken de wittenskip en de maatskippij ek no troch te setten, organisearret de akademy publykskolleezjes. Dat binne kolleezjes dy't foar elk tagonklik binne, foar minsken dy't derfoar iepen steane om wat nijs te learen. Omrop Fryslân bringt yn Thúsakademy trije kolleezjes by de minsken thús mei as tema: 'Donkere dagen'.

Sa is op woansdei 9 desimber it kolleezje 'Stralen in het donker' te folgjen, fan Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium. Yn syn kolleezje stiet de stjerrehimel fan de winterperioade sintraal.
In wike letter is dr. Sytze Ypma sprekker fan it kolleezje. Yn 'Dolen in het donker' wurdt it komplottinken besjoen yn tiden fan krisis, want eltsenien reagearret dêr oars op.
It foarearst lêste kolleezje is yn hannen fan Em. Prof. dr. Rolf Bremmer en giet oer 'Feesten in het donker'. Op dizze jûn, oan de foarjûn fan it Ljochtfeest by útstek, sykje wy de mienskiplike dieler fan al dy feesten mei sa'n ferskaat oan histoaryske eftergrûnen: fan Sint-Marten oant en mei Marije-Ljochtmis.

De kolleezjes fan Thúsakademy oer 'Donkere dagen' binne woansdei 9, 16 en 23 desimber fan 20.30 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online.

(Advertinsje)