Klink de glêzen: Tafel 18 giet fan start!

13 okt 2015 - 15:44

Fan 17 oktober ôf op Omrop Fryslân Televyzje

Guon binne wis fan harsels en ûntspannen, by oaren leveret de tiidsdruk in soad stres op. Yn it nije televyzjeprogramma Tafel 18 geane sa’n 30 dielnimmers in itensiedstriid mei inoar oan. Allegear om der úteinlik fan troch te gean mei de titel ‘Bêste amateurkok fan Fryslân’. Folgje it fan sneon 17 oktober ôf by Omrop Fryslân.

De dielnimmers krije by Tafel 18 ferskate opdrachten. De kandidaten wurde útdage om mei yngrediïnten fan Fryske grûn ferrassende gerjochten op tafel te toverjen. Dêrneist krije de dielnimmers tips oer hoe’t sy de gerjochten it bêste optsjinje en presintearje kinne.

Yn de earste ôflevering op sneon 17 oktober fertelle sjueryleden Albert Kooy (restaurant Wannee) en Ypie van der Lei (restaurant By ús) wêr’t de bêste amateurkok fan Fryslân neffens harren oan foldwaan moat. En wêrom’t itensieden mei streekprodukten wichtich is. Ek alfêst in ‘foarpriuwke’ oer trije kandidaten. Jorrit Gerritsma út Ljouwert (26), Dirk Reitsma út Sint Anna (68) en Anja Minkes út Terwispel (52) litte sjen hoe’t sy iten meitsje en wat foar tariedings sy treffe foar Tafel 18.

Yn ôflevering twa steane goed 30 dielnimmers oan de start om har moaiste bittergarnituer te meitsjen. Nee, dat is gjin skaal mei frikandellen en bitterballen, mar in amuse, in earste hapke út de keuken dêr’t de sjef-kok syn gasten mei ûnthellet. De hearlikste hapkes lûke oan de eagen en mûlen fan de sjueryleden foarby. Der is te sjen hoe bot de koks switte, senuweftich binne en yn spanning ôfwachtsje. Der stiet ek nochal wat op it spul; allinnich de bêste seis dielnimmers geane troch yn Tafel 18. Foar de oare dielnimmers hâldt it direkt op.

Tafel 18 is fan 17 oktober ôf seis sneonen te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Alle resepten, nijsgjirrige ynformaasje oer de kandidaten en ekstra bylden binne te finen op de webside, www.omropfryslan.nl/tafel18.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)