In jas foar Lesbos

24 nov 2016 - 16:21

It lot fan de flechtlingen op de Grykske eilannen is foar in soad minsken ‘fier fuort’ en mooglik te grut om te befetsjen. Omrop Fryslân-ferslachjouwer Auke Zeldenrust bringt it ferhaal fan flechtlingen tichterby fia syn eigen winterjas.

Noch hieltyd komme flechtlingen oan op ‘e Grykske eilannen. Se wurde dêr opfongen yn kampen, wachtsjend op de folgjende stap yn harren proseduere. Net allinnich stiet harren ûnwissens te wachtsjen, mar ek de kâlde winter komt deroan. Dêrom begûn Anke-Marije Piebenga út Akkrum mei in pear freondinnen in aksje om jassen yn te sammeljen. Op in oprop fan har yn Fryslân Hjoed waard manmachtich reagearre. Der waard mear ynlevere as de aksjefierders eins oankoenen. Mids novimber gie in frachtwein fol jassen nei Lesbos.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust jout syn eigen winterjas fuort en oan ‘e hân fan dy jas fertelt er it ferhaal fan de flechtlingen. Hy folget de winterjas op Lesbos: Hokker reis makket de jas, wa wurdt de nije eigener en wat is syn skiednis en takomstperspektyf?

Zeldenrust fertelt op tongersdei 24 novimber by Fryslân Hjoed oer syn plan. “Ik wol nei it flechtlingekamp by Mytilini ta en mei de bewenners en helpferlieners yn petear gean. En fansels wol ik graach it libbensferhaal hearre fan de man dy’t myn jas kriget.” Yn it flechtlingekamp by Myrtilini, Karatepe, wenje ûngefear 1100 minsken, wêrûnder in soad bern. Neffens insiders is dit it meast humane kamp op it eilân.

Op freed 25 novimber en sneon 26 novimber is Zeldenrust op Lesbos en sil hy op telefyzje, radio en ynternet te folgjen wêze. Sa twitteret Auke ûnder oare ferhalen en foto’s ûnder #jasvoorlesbos en sil er freed 25 novimber op ‘e radio te hearren wêze by No yn Fryslân. Op tongersdei 1 desimber is Auke werom by Fryslân Hjoed mei syn reportaazje en ferhalen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)