Jan Mankes en Anne Zernike by Fryslân DOK

31 mrt 2020 - 12:41

It is dit jier 100 jier lyn dat de keunstner Jan Mankes fan De Knipe ferstoarn is. Museum MORE yn Gorssel en Museum Belvédère op It Hearrenfean bringe dêrom spesjale tentoanstellingen. Fryslân DOK lit twa dokumintêres sjen: in film oer it libben en wurk fan Jan Mankes en in portret fan syn frou, dûmny Anne Zernike.

Anne Zernike is yn Nederlân de earste frou op de kânsel. Yn 1911 wurdt se predikante fan de meniste-tsjerke fan Bovenknijpe, no De Knipe. Dêr moetet se de keunstner Jan Mankes. Hy skilderet ûnderwerpen yn syn neiste omjouwing: portretten, bisten en it lânskip. Se trouwe en ferhúzje nei Den Haag en letter nei Eerbeek, fanwege de sûnens fan Jan. Op 30-jierrige leeftiid stjert hy oan de gefolgen fan tbc. Mankes lit in oeuvre efter fan sa'n 150 skilderijen en tekeningen. Anne Zernike bliuwt aktyf as predikante en soarget derfoar dat de keunst fan har man ûnder de oandacht bliuwt.

Yn 2001 makke Gryt van Duinen in film oer it libben en wurk fan Jan Mankes. Unyk materiaal, dat no op 'e nij brûkt wurdt yn in nije dokumintêre oer de skilder. Direkteur Ype Koopmans liedt ús rûn yn Museum MORE yn Gorssel, dat 35 topstikken fan Mankes by elkoar bringt. Keunstner Annelies Alewijnse út Penjum lit sjen hoe't sy mei har kollaazjekeunst ynspirearre rekke troch it wurk fan Mankes.
Regisseur Annet Huisman makke yn 2011, hûndert jier neidat Anne Zernike op 'e kânsel fan De Knipe kaam, it dokudrama: 'Om it leauwen en de sinnigens'. Trije froulju rekonstruearje it ferhaal fan Anne Zernike. Yn filmsênes dielt de jonge Anne, spile troch Henny Rinsma, har dilemma's en har passy.

De tentoanstelling 'De werkelijkheid niet' is dizze simmer yn Museum MORE yn Gorssel. Museum Belvédère toant 'De dieren van Jan Mankes' yn de maitiid fan 2021.

Fryslân DOK: 'De stille ferwûndering fan Jan Mankes'
Sneon 4 april, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 5 april 13.10 oere)
Snein 5 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK: 'Anne Zernike, om it leauwen en de sinnigens'
Sneon 11 april, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 12 april 13.10 oere)
Snein 12 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)