Jan Koster stoppet as direkteur Omrop Fryslân

22 nov 2017 - 10:43

Yn ‘e maitiid fan 2018 nimt Jan Koster (63), nei in tsjinstferbân fan 8 jier, ôfskied as direkteur fan Omrop Fryslân. Yn goed oerlis mei de Ried fan Kommissarissen is hjir mienskiplik ta besluten. De ôfrûne jierren hawwe benammen yn it teken stien fan de posisjonearring fan Omrop Fryslân yn it publike mediabestel. No’t de politike beslútfoarming oan in ein kommen is en der wer rêst op dat ûnderwerp is, sille de kommende jierren noch wer mear yn it teken stean fan de earder ynsette ûntwikkeling fan de eigen omrop.

It medialânskip sil yn heech tempo feroarjen bliuwe en dat hat konsekwinsjes fan likegoed programmatyske- as organisatoaryske aard. Dêrtroch brekt der feitlik in nije faze oan by de Omrop; de Ried fan Kommissarissen en Jan Koster binne beide fan miening dat dat in goed momint is om it stokje oer te dragen.

Ton Baas, de foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen, jout oan it spitich mar begryplik te finen dat dizze stap no nommen wurdt. It is in natuerlik momint foar in feroaring nei de takomst ta. Hy seit Jan Koster tank foar syn ynset, de noflike gearwurking en de resultaten dy’t behelle binne.

Noat foar de redaksje:
Foar fierdere ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear Baas, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen, fia til.nr. 058 – 299 78 31

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)