It Swarte Goud

22 mrt 2016 - 13:50

‘It Swarte Goud’ fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Yn in fier ferline foelen grutte Romeinske kriichshelden al foar de machtige swarte ferskiningen. Sechtich jier lyn wiene der lykwols noch mar in pear ‘Friezen’ oer. De hynders wiene gewoanwei net mear nedich; ôftanke foar it boerewurk as gefolch fan de útfining fan de trekker. Gelokkich binne der hjoed-de-dei wer sawat 70.000 Fryske hynders. No priizge om harren skientme, krêft, útstrieling, karakter en dy djipswarte effen hûd.

Mar hoe bleau en bliuwt it ras oerein? Wêrom ried Zorro op in Fries en wêrom hat thrillerskriuwer Dan Brown Fryske hynders? Nei alle gedachten om dy dreech te ferwurdzjen reden dy’t Fryske emigranten emosjoneel makket as it oer Fryske hynders giet. De dokumintêrerige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, takomst, passy, keuringen, gebrûken en it sukses fan it Frysk hynder.

Fryslân DOK: It Swarte Goud
Diel 1: Fan alle tiden, op snein 3 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen fan sneon 2 april om 15.30 oere en snein 3 april om 13.00 oere op NPO 2.

Diel 2: Yn ‘e groei, op snein 10 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen fan sneon 9 april om 15.30 oere en snein 10 april om 13.00 oere op NPO 2.

Diel 3: Yn ‘e krêft, op snein 17 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen fan sneon 16 april om 15.30 oere en snein 17 april om 13.00 oere op NPO 2.

Diel 4: Rispinge, op snein 24 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen fan sneon 23 april om 15.30 oere en snein 24 april om 13.00 oere op NPO 2.

Diel 5: De blik foarút, op snein 1 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen fan sneon 30 april om 15.30 oere en snein 1 maaie om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)