It ôfskied sûnder ein fan Ira Judkovskaja

25 maaie 2020 - 13:42

Artistyk direkteur Ira Judkovskaja nimt ôfskied fan teäterselskip Tryater. De Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein' lit sjen dat Judkovskaja in persoanlik stimpel drukt hat op 12,5 jier Frysk teäter.

Mei de foarstelling '1000&1 nacht' wol Ira Judkovskaja in oade bringe oan it teäter en syn tûzenen jier âlde skiednis. It stik soe dizze maitiid útfierd wurde op de âlde jiskebult fan Ljouwert, op de grins fan de stêd en it plattelân. Mar corona kaam der tusken. It fertriet dêroer is omsetten yn kreativiteit, en no is it stik online te besjen. It is Judkovskaja's lêste produksje as artistyk direkteur fan Tryater.

Op 1 febrewaris 2008 kaam Ira Judkovskaja (Moskou, 1975) yn tsjinst by it profesjonele teäterselskip Tryater. Se sei doe: "Ik wil geen zintuig onberoerd laten. Acteurs moeten breed onderlegd zijn, fysiek, muzikaal. Tryater heeft het in zich. Er is heel veel talent in Friesland en wij moeten dat ontwikkelen." De Russyske Ira learde Frysk, en yn de tolve-en-in-heal-jier dat se by Tryater wie dage se de makkers én it publyk út mei hieltyd nije foarmen fan teäter. Se betocht en regissearre foarstellingen as De 11Stêdetocht (2008), de strjitopera De IIsfoarstin (2014) en Doarp Europa (2018).

Yn de Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein' in portret fan Ira Judkovskaja. Oer passy, missy en persoanlikheid. Judkovskaja: "Ik hoop dat ik werelden heb kunnen creëren met mensen. Het zoeken naar een nieuwe manier van denken zit onder al mijn voorstellingen."

Fryslân DOK 'Ofskied sûnder ein', oer Ira Judkovskaja
Sneon 30 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 31 maaie 13.10 oere)
Snein 31 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)