It Eurovisie Songfestival ‘Mei Douwe’ en Arno Brok

15 maaie 2020 - 07:42

Dizze wike soe it Eurovisie Songfestival yn Rotterdam plakhawwe. De stêd en de leafhawwers wiene der al hielendal klear foar, mar spitigernôch koe ek dit evenemint net trochgean. Yn in spesjale útstjoering fan it radioprogramma 'Mei Douwe' sjocht Douwe Heeringa werom nei oare edysjes, tegearre mei kommissaris fan de Kening Arno Brok. Brok is songfestivalkenner en leafhawwer en as 'pleister op it sear' sil hy snein oanskowe by 'Mei Douwe'.

De harkers wurde meinommen op in reis troch de tiid. Sa komme de klassikers foarby, de moaiste nûmers ea makke en ek anekdoates. Brok fynt dit in moai alternatyf no't it Eurovisie Songfestival sels net trochgean kin.

It Eurovisie Songfestival troch de jierren hinne, is op snein 17 maaie fan 9.00 oant 11.00 oere op de radio te beharkjen, en is dêrnei ek online te finen op Omropfryslan.nl/programma/mei-douwe.

(advertinsje)