Ingrid Spijkers nije haadredakteur Omrop Fryslân

07 okt 2019 - 13:45

"Grutsk dat ik meibouwe kin oan de ambysjes fan de Omrop." Ingrid Spijkers (49) út Ljouwert wurdt de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Sy nimt 25 jier oan ûnderfining op it mêd fan sjoernalistyk, kommunikaasje en ûndernimmen mei. Spijkers begjint op 1 desimber yn har nije funksje.

Ingrid Spijkers is goed bekend mei Omrop Fryslân, sy wurke fan it begjin ôf oan foar de regionale telefyzje en ûntwikkele en produsearre ek programmaformats foar de Omrop. Fierder wurke sy foar ferskate oare media, wêrûnder it ANP, kranten en fakblêden. Se is ien fan de oprjochters fan Wij van PS (earder PS Produkties). De lêste jierren wurke sy as selsstannige foar ferskate opdrachtjouwers en (multymediale) projekten yn Fryslân.

Omrop Fryslân is in skoft op 'e siik west nei in nije haadredakteur. Omrop-direkteur Nina Hiddema: "Wy binne ûntsettend bliid dat we mei Ingrid Spijkers in nije ynspirearjende haadredakteur fûn hawwe. Dy't njonken in grut netwurk en in brede sjoernalistike ûnderfining binnen en bûten Omrop Fryslân in soad passy foar ús moaie organisaasje meibringt".

Ingrid Spijkers: "Omrop Fryslân is in prachtich bedriuw. Ut de nije koers dêr't de Omrop mei dwaande is, sprekt ambysje. Omrop Fryslân wol in aktive rol spylje yn ûnderwerpen dy't Friezen reitsje. Dêrby in ferbinende faktor wêze en ferdjipping bringe yn de ûnderwerpen. De Omrop wol dêryn foarop rinne. Yn oparbeidzjen mei de redaksje sille we dy ambysje foarm jaan de kommende tiid".
 

Noat foar de redaksje:
Foto: Ingrid Spijkers (foto - Omrop Fryslân)

Foar mear ynformaasje of in foto yn hegere resolúsje kinne jo kontakt opnimme mei Jitske de Hoop, Adviseur Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 - 299 78 76.

(advertinsje)