‘Ik bin benijd!’ is werom

20 feb 2017 - 14:34

It telefyzjeprogramma ‘Ik bin benijd!’ kriget in ferfolch. In nagelnij panel giet op ‘en paad nei museums, konserten, histoaryske gebouwen en ekskurzjes om Fryske keunst en kultuer te ûntdekken. It is hieltyd wer in ferrassing wêr’t de panelleden hinne sille, ek foar harrensels. Benijd nei wat se allegearre tsjinkomme? Sjoch fan 27 febrewaris ôf op Finsteropfryslan.nl en fan 2 maart ôf op Omrop Fryslân.

It nije panel bestiet ús seis fêste leden:
• Lydia Annema (33) komt út Burgum en is fotografe. Se fotografearret benammen bern en trouwerijen en is sljocht op de Waadeilannen.
• Hendrik Boonstra (41) út St. Nyk is miskien noch wol better bekend as Reade Rikus, sjonger van Jitiizer. Hy is bot ynteressearre yn de Fryske kultuer en skiednis.
• Marit-Ellen Windstra (19) en Lisanne Dijk (18) fan Oerterp binne al jierren freondinnen. Lisanne stiet foar har oplieding regelmjittich efter de kamera. Marit-Ellen studearret foar sekretaresse en beoardielet yn har frije tiid teaterfoarstellingen.
• Lidwien Broenink (56) fan De Jouwer is trouamtner. Har wurk fynt se prachtich en dêrneist hâldt se fan hurdrinnen.
• Jorn van der Schaar (21) studearret toskhielkunde yn Grins, mar komt út Fryslân. Hy is graach dwaande mei de Fryske taal.

Alle seis litte se harren graach ferrasse troch de makkers fan ‘Ik bin benijd!’ en komme sa op plakken dêr’t se sels net sa fluch hinne gean soene. Yn de earste ôflevering op 2 maart giet Lidwien nei it Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard. De âld-melkfarder Ruurd Wiersma beskildere syn hiele wenning en makke tsientallen skilderijen. Hendrik giet op syk nei syn eigen komôf by Tresoar en besjocht yn de katakomben de skatten út it argyf.

Ik bin benijd!:
Fan moandei 2 maart ôf alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen op Omrop Fryslân. Alle moandeis dêrfoar is it programma eksklusyf as earste te besjen op Finsteropfryslan.frl.

Ik bin benijd! wurdt mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds, P.W. Janssens Friesche Stichting, Herbert Duintjer Fonds en de Van Heloma Stichting.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)